Ferpleechhûs Talma Hûs yn Feanwâlden wike lang op slot fanwegen corona

13 des 2020 - 20:37

Ferpleechhûs Talma Hûs yn Feanwâlden giet oant 20 desimber op slot. Dat makket de KwadrantGroep, dêr't de lokaasje ûnder falt, snein bekend op harren webside. De sluting is om 12.00 oere sneintemiddei yngien. Der binne 4 bewenners en 4 meiwurkers fan Talma Hûs posityf test op corona. Ek besikers binne kommende wike net wolkom.

Talma Hûs yn Feanwâlden - Foto: Elkander

Yn it Talma Hûs wenje minsken dy't demintens hawwe. Neist de acht positive testen binne der ferskate bewenners en meiwurkers mei klachten. Elkenien dy't klachten hat, wurdt testen.

It fersoargingshûs skriuwt dat it harren spyt dat se dizze beslissing nimme moatte. "Juist in deze feestmaand moeten we dit besluit nemen. Samen willen we de bewoners en hun naasten beschermen en zo verspreiding van het virus tegengaan. Vanzelfsprekend hebben wij in deze situatie extra aandacht voor de gezondheid en het welzijn van de bewoners en medewerkers."

(Advertinsje)
(Advertinsje)