Sherida Spitse wint beker yn Noarwegen yn lêste duel foar Vålerenga IF

Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits hat yn har lêste wedstriid foar Vålerenga IF yn Noarwegen de beker wûn. Tsjin LSK Kvinner waard it 2-0 foar de ploech fan Spitse.
© FlowSports
Ferline wike waard Spitse ek al Noarsk kampioen mei Vålerenga. It wie de lêste wedstriid fan Spitse foar de Noarske klup. Se woe graach werom nei Nederlân te fuotbaljen, om't se har frou en bern net langer misse koe. De ôfstân tusken Noarwegen en Nederlân bliek te grut. Yn jannewaris slút Spitse oan by de seleksje fan it frouljusalvetal fan Ajax.