Huub Mous skriuwt nij boek oer rou yn coronatiid

13 des 2020 - 18:41

Publisist Huub Mous fan Ljouwert sjocht yn de coronatiid de rou en depresje út syn eigen libben werom. Corona triggere him ta it skriuwen fan it boek Het virus van de melancholie. Yn it boek siket Mous nei antwurden op ûnder oaren de fraach oft it ferdwinen fan it kristendom de rou feroare hat.

Foto: Simone Scheffer

'Rouwen onder een lege hemel' is oars as dat je leauwe yn in oergong nei in oar libben nei de dea. Doe't corona begjin dit jier syn yntree die, konfrontearre dat Mous mei syn eigen rou nei de dea fan syn frou. Dat waard wer oeralhelle. Skriuwe oer it fenomeen rouwe en depresje wie it gefolch.

It boek Het virus van de melancholie giet oer de grutte tinkers as Camus en Freud en hoe't dy tsjin rouwe en mankelikens oansjogge, mar ek oer Simon Vestdijk, de skriuwer dy't syn libben lang lêst hie fan depresjes. Ek Mous hat perioaden fan depresje kinnen. Dêryn herkent hy Vestdijk, ien fan de meast produktive skriuwers yn Nederlân. Skriuwen wie foar Vestdijk in flecht foar de mankelikens, tinkt Mous.

Spaanske gryp en corona

Ek leit hy in ferbining tusken de Spaanske gryp yn 1918 en corona no. De gefoelens fan de minsken wiene doe ek fan depresje, der wiene folle mear selsdeadingen en in soad rou om de deaden dy't der foelen. Nei de Spaanske gryp perioade kamen de roaring twenties. Dat wie in reaksje op dy swarte jierren.

De kâns dat dat aanst ek bart, is grut tinkt Mous. Yn dy sin liket yndividuele rou hiel bot op de massale rou yn drege perioaden. "It binne golfbewegingen, sa't it libben sels ek út golfbewegingen bestiet", seit de skriuwer.

Huub Mous

(Advertinsje)
(Advertinsje)