FIDEO: Piter Wilkens spilet 'oardelmetersesje' yn 100-jierrich Woudagemaal

13 des 2020 - 18:11

Omdat de Fryske artysten fanwege de coronaregels mar dreech optrede kinne, hat Omrop Fryslân se yn oanrin nei de Fryske top 100 útnûge yn it Woudagemaal. Yn de moanne desimber stiet op snein alle wiken ien artyst sintraal. Dizze snein wie Piter Wilkens te gast by presintator Willem de Vries.

FIDEO: Piter Wilkens spilet oardelmetersesje yn 100-jierrich Woudagemaal

Piter is, sa't er sels seit, al syn hiele libben mei muzyk dwaande is. "As jonkje hie ik altyd al ferskes yn 'e holle." Yntusken libbet er al 25 jier fan syn eigen lieten yn it Frysk, en wat der ek bart, "dy nimme se my nea wer ôf". Op it stuit is hy dwaande in LP út te bringen. Piter spilet yn syn 1,5 meter sesje syn hit 'It paad werom' út 2000 en de tip 'Fryske boeresoan'.

Ofrûne snein seachst Iris Kroes yn de earste 1,5 meter sesje út it hûndert jier âlde Woudagemaal op de Lemmer wei. Spesjaal foar de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân spylje noch 2 Fryske artysten de kommende wiken harren hit en tip. Miskien ynspirearret it dy, om dyn stim foar de list oan harren te jaan op www.frysketop100.nl. Genietsje yn elk gefal fan de magyske sfear wêryn't de sesjes opnommen binne!

De Fryske top 100 is op âldjiersdei op radio, telefyzje en online te folgen. De útstjoering begjint om seis oere moarns en duorret oant seis oere jûns. Stimme kin oant en mei Twadde Krystdei op www.frysketop100.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)