Boargemaster Oosterman: "Ferkiezingen wurde noch in hiel gedoch"

De Twadde Keamerferkiezingen wurde noch in hiel o heden, seit boargemaster Harry Oosterman fan gemeente Eaststellingwerf. Hy sei dit yn it nijsfoarum fan it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân. Ek Tieneke Clevering fan de wetterskipspartij Water Natuurlijk en VVD-Steatelid Durk Pool wiene te gast.
Durk Pool, Tieneke Klevering en Harry Oosterman © Simone Scheffer
De gemeente fan Oosterman is no al drok oan it ynventarisearjen hoe't it aanst moat mei bygelyks de stimburo's as dy meardere dagen iepen moatte. Nei alle gedachten geane der yn alle gemeenten ien of twa stimburo's meardere dagen iepen sa't minsken mear ferspraat stimme kinne.
Boargemaster Harry Oosterman oer ferkiezings
Dan moatte der lykwols ek mear minsken op it stimburo sitte. Fraach is oft dy der wol genôch binne, mar ek it tal potleaden dat besteld wurde moatte en hokker stimburo wol of net langer iepen is moat besjoen wurde. Yn jannewaris wurdt der wer fierder sjoen hoe't dat allegearre moat op 17 maart.
It nijsfoarum fan Omrop Fryslân mei Harry Oosterman, Tieneke Clevering en Durk Pool