181 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

13 des 2020 - 14:19

Der binne de ôfrûne 24 oeren 181 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân, hat it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) witte litten. It binne der 11 mear as sneon, doe wiene it der 170. Sneon naam it tal besmettingen yn Fryslân foar it earst yn fjouwer dagen wer ôf, mar de besmettingen binne dus op 'e nij oprûn.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De measte besmettingen wiene yn de gemeente Ljouwert (43). Dêrnei folgje Súdwest-Fryslân (42), Waadhoeke (15) en De Fryske Marren (14).

Der binne gjin Friezen it sikehûs yn rekke fanwege it coronafirus en der binne ek gjin minsken yn Fryslân oan it firus ferstoarn yn de ôfrûne 24 oeren.

Lanlik binne der 9924 positive tests, sa docht bliken. Freed wiene dat der 9.182.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)