SC Hearrenfean spilet lyk op besite by Vitesse

SC Hearrenfean is der net yn slagge om trije punten te pakken op besite by Vitesse. De ploech fan Johnny Jansen spile mei 1-1 lyk yn it Gelredome, it fjirde lykspul op 'e rige. It is sûnt 2001 foar it earst dat dit it gefal is by Hearrenfean.
© Orangepictures
De earste helte wie net fan al te heech nivo. Beide ploegen koenen net echt kânsen klearspylje en dat makke de wedstriid net leuk om nei te sjen. It earste skot op doel wie pas nei in healoere. Keeper Erwin Mulder moast in skot fan Oussama Tannane fuortbokse. Tsien minuten letter wie it lykwols wol raak. In frije traap fan Vitesse koe net fuortwurke wurde, wêrnei't de spits fan de Arnhemmers, Oussama Darfalou, de bal hurd tsjin de touwen skeat.

Twadde helte foar Hearrenfean

De twadde helte wie yn it foardiel fan de Feansters. Dat resultearre nei tsien minuten spyljen yn de lykmakker fan Sherel Floranus. De rjochtsback tikte in rebound fan syn eigen skot binnen. Earder hie Benjamin Nygren al op de fûsten fan goalie Remko Pasveer sketten.
Dêrnei wiene der noch kânsen op mear foar Hearrenfean, fia Joey Veerman en Nygren, mar skoard waard troch beide teams net mear.
Vitesse - SC Hearrenfean 1-1 (1-0): 39. Oussama Darfalou 1-0, 54, Sherel Floranus 1-1.
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder, Floranus, Van Hecke, Bochniewiecz, Woudenberg, J. Veerman, Batista Maier (45/Hajal), Kongolo, Van Bergen, H. Veerman, Nygren.