Twa Nederlânske titels foar Knegt op Nederlânsk kampioenskip shorttrack

Sjinkie Knegt hat snein twa Nederlânske titels oan syn earelist taheakje kinnen. De Bantegeaster wûn earst de 1.000 meter troch op de finish syn ferneamde 'teleskoopskonk' te brûken en sa Itzhak de Laat te klopjen. Dêrnei wie Knegt ek op de 500 meter de rapste, op 'e nij foar De Laat. Dy lêste pakte op de 1.500 meter syn tredde sulveren medalje. Knegt einige dêr njonken it poadium.
It Nederlânsk kampioenskip ôfstannen shorttrack is in nij toernoai. Reedrydbûn KNSB organisearret it foar it earst dit jier, om foar de shorttrackers wat mear wedstriden te krijen. Gewoanwei wurde de ôfstânstitels by it NK begjin jannewaris ferdield, lyk mei de titel foar it allroundklassemint. Dat hat de KNSB no los helle mei dit toernoai. Op it NK ôfstannen wurde de ôfstânstitels ferdield en op it NK begjin jannewaris de titel foar it allroundklassemint.

1.500 meter

Op de slotôfstân fan it Nederlânsk kampioenskip koe Knegt gjin haadrol spylje. Hy waard yn de einfaze noch passearre troch Gytsjerker Sven Roes, wêrtroch Knegt sels njonken it poadium einiget. De oerwinning gie nei Jens van 't Wout, dy't foar Itzhak de Laat einige. It tredde plak wie dus foar Roes.

Utslach 1.500 meter manlju

1. Jens van 't Wout 2.22,337
2. Itzhak de Laat 2.22,435
3. Sven Roes 2.22,552
4. Sjinkie Knegt 2.22,838
5. Kay Huisman 2.23,209
6. Friso Emons 2.23,305
7. Koen Slootweg 2.24,658
© Orange Pictures

500 meter

De koartste ôfstân wie net sa spannend. Knegt stie yn it begjin de lieding efkes ôf oan De Laat, mar hy pakte him rom foar de ein werom en joech it net mear út hannen. De Laat waard op 'e nij twadde en seach dat efter him de bruorren Melle en Jens van 't Wout drok dwaande wiene mei de striid om it brûns. Melle wûn dy striid.
De B-finale waard wûn troch Daan Breeuwsma.

Utslach 500 meter manlju

1. Sjinkie Knegt 42,146
2. Itzhak de Laat 42,339
3. Melle van 't Wout 42,472
4. Jens van 't Wout 42,485

1.000 meter

It grutste part fan de 1.000 meter gie De Laat oan de lieding, mar Knegt sloech ta op it momint dat it moast. De Laat gie as earste de lêste bocht yn, mar op de finishline brûkte Knegt syn 'teleskoopskonk' en sa gie er der mei it earste plak fan troch. De Laat moast genôch nimme mei it sulver. Dêr efter wie in fûle striid oan 'e gong om it tredde plak. Friso Emons en Gytsjerker Sven Roes besochten beiden om it brûns te pakken. Dat gie sa fanatyk, dat se nei de finish beiden ûnderút giene. Uteinliks wie Emons krekt in fraksje earder, wêrtroch't hy de medalje pakt. Roes wurdt dus fjirde en as fiifde einiget Teun Boer.
Oare Friezen as Daan Breeuwsma, Dennis Visser en Jasper Brunsmann hiene harren net pleatst foar de A-finale. Breeuwsma wûn ek op de 1.000 meter wol de B-finale.

Utslach 1.000 meter manlju

1. Sjinkie Knegt 1.31,255
2. Itzhak de Laat 1.31,285
3. Friso Emons 1.31,419
4. Sven Roes 1.31,428
5. Teun Boer 1.31,570