Hattrick foar Suzanne Schulting mei trije Nederlânske titels

13 des 2020 - 15:52

Suzanne Schulting is snein yn Thialf Nederlânsk kampioen wurden op alle trije de ôfstannen. De oare froulju hiene op de 500 meter, de 1000 meter en de 1500 meter neat yn te bringen tsjin Schulting. Rianne de Vries helle ien brûnzen medalje op de 500 meter.

Suzanne Schulting

It Nederlânsk kampioenskip ôfstannen shorttrack is in nij toernoai. Reedrydbûn KNSB organisearret it foar it earst dit jier, om foar de shorttrackers wat mear wedstriden te krijen. Gewoanwei wurde de ôfstânstitels by it NK begjin jannewaris ferdield, lyk mei de titel foar it allroundklassemint. Dat hat de KNSB no los helle mei dit toernoai. Op it NK ôfstannen wurde de ôfstânstitels ferdield en op it NK begjin jannewaris de titel foar it allroundklassemint.

1500 meter

De oermacht fan Schulting wie it grutste op de langste en lêste ôfstân fan de snein. In oantal rûntsjes foar de ein kaam Schulting opsetten fanôf it fjirde plak, wêrnei't se fuortendaliks in grut gat sloech mei de seis oare froulju. Doe't Schulting oer de finish kaam, siet de konkurrinsje der leafst in meter as tsien efter. Xandra Velzeboer einige knap as twadde foar Selma Poutsma, dy't brûns pakte.

Rianne de Vries einige krekt njonken it poadium as fjirde.

Utslach 1.500 meter froulju

1. Suzanne Schulting 2.29,198
2. Xandra Velzeboer 2.30,540
3. Selma Poutsma 2.30,944
4. Rianne de Vries 2.31,013
5. Gioya Lancee 2.31,021
6. Yara van Kerkhof 2.31,175
7. Michelle Velzeboer 2.31,388
Foto: Orange Pictures

500 meter

Op de 500 meter ried Schulting yn twadde posysje, doe't Selma Poutsma ûnderút gie. Dêrtroch naam Schulting de kopposysje oer en dy joech se net mear ôf. Xandra Velzeboer einige as twadde, krekt foar Rianne de Vries. Schulting wûn yn 2017 en ferline jier ek al goud op de koartste shorttrackôfstân.

Utslach 500 meter froulju

1. Suzanne Schulting 43,328
2. Xandra Velzeboer 43,372
3. Rianne de Vries 43,568
4. Selma Poutsma 1.20,725

1000 meter

It is nei 2017 en ferline jier ek de tredde nasjonale titel foar Schulting op de 1000 meter. De shorttrackster fan De Tynje kaam yn de finale eins net yn de problemen. In pear rûntsjes foar de ein kaam se mei in fersnelling, dy't te machtich wie foar de oare fjouwer rydsters. Dêrtroch wûn Schulting úteinlik mei in lyts gatsje foar nûmer twa Selma Poutsma. De striid om it tredde plak gie tusken de suskes Xandra en Michelle Velzeboer, wêrby't Xandra justjes rapper wie. Rianne Vries einige fiifde.

Utslach 1.000 meter froulju

1. Suzanne Schulting 1.33,724
2. Selma Poutsma 1.34,086
3. Xandra Velzeboer 1.34,406
4. Michelle Velzeboer 1.34,508
5. Rianne de Vries 1.34,511
(Advertinsje)
(Advertinsje)