VVD Fryslân betsjûget tank oan 'Mr. Lelylijn'-Durk Pool mei taart

VVD-Steatelid Durk Pool waard sneintemiddei troch syn eigen partij ferrast mei in taart. It bestjoer fan de VVD Fryslân stie him op te wachtsjen nei ôfrin fan it radioprogramma Buro de Vries. Sy wolle Pool tanksizze foar syn grutte ynset foar de Lelyline.
Durk Pool krijt taart fan de Fryske VVD © Simone Scheffer
Pool makket him al jierren sterk foar dizze spoarline dy't fan Lelystêd yn 'e rjochting fan Grins gean moat fia Drachten. In soad partijen hawwe yntusken de Lelyline omearme en yn harren programma foar de Twadde Keamerferkiezingen set. Syn eigen partij, de VVD, hie it der oarspronkelik net yn stean mar troch de lobby fan it Fryske Steatelid en ek deputearre Avine Fokkens is it der úteinlik wol as punt yn kaam.
Vice-foarsitter fan it bestjoer fan de Fryske VVD, Eric ter Keurs (âld-boargemaster fan Tytsjerksteradiel), oerlange Pool de taart mei de tekst "Bedankt Dirk/mr. Lelylijn".
Durk Pool oer de Lelyline yn it Nijsfoarum
© Simone Scheffer