Nije treinkonsesje Arriva set útein mei nije treinen en tsjinstregeling

13 des 2020 - 13:18

Foar Arriva set snein nije treinkonsesje útein op de spoarlinen yn it Noarden. It betsjut dat de ferfierder ek de kommende 15 jier foar treinferfier soargje mei. Dat sil barre mei nije en fernijde treinen en in nije tsjinstregeling. Der komt in ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins en ek de spitstrein Ljouwert-Snits rydt rapper en faker.

De fernijde trein fan Arriva - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ek hat Arriva der wurk fan makke om de CO2-útstjit fan treinen omleech te bringen. Ek kin der mei Arriva Flow nei de reis betelle wurde. De nije en fernijde treinen hawwe sitplakyndikatoaren oan de bûtenkant om te sjen oft der noch plak is yn de trein. Ek yn de app kin opsocht wurde hoe drok it is.

Trefwurden: 
Arriva treinkonsesje
(Advertinsje)
(Advertinsje)