Swimfun op De Jouwer sletten fanwege grutte technyske steuring

13 des 2020 - 12:32

Swimfun op De Jouwer is snein de hiele dei sletten. Dat hat te krijen mei in grutte technyske steuring, dat lit it swimbad witte. Alle besikbers dy't in kaartsje kocht hiene foar snein kinne thús bliuwe. It swimbad nimt kontakt mei dizze minsken op.

Swimfun op De Jouwer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It bestjoer fan Swimfun bringt op sosjale media ekskuzen oer en seit dêr ek witte te litten wannear't it swimbad wer iepen giet.

Trefwurden: 
De Jouwer Swimfun steuring
(Advertinsje)
(Advertinsje)