Mear as 800 krystkaarten fan skoalbern foar âlderein yn Waadhoeke

13 des 2020 - 10:26

De learlingen fan CSG Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer hawwe ôfrûne wike mear as 800 krystkaarten makke foar âlderein fan gemeente Waadhoeke. It inisjatyf is oppakt yn gearwurking mei De Skûle Welzijn. Alle âlderein krije in kaart mei in persoanlike boadskip.

Foto: CSG Anna Maria van Schurman

Takom wike wurde de kaarten by de minsken del brocht, meast yn fersoargingshuzen en oare wensintra. Neffens de skoalle past de aksje moai yn de lessen boargerskipsfoarming: it tinken oan de meiminske. "In deze donkere dagen voor Kerst, en zeker in deze coronaperiode ontberen veel ouderen contact en aandacht en ligt eenzaamheid op de loer. Met deze prachtige activiteit steken jongeren onze ouderen uit de gemeente Waadhoeke een hart onder de riem," sa skriuwt de skoalle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)