Gemeente Ljouwert hâldt krystdrokte yn Ljouwerter Wielenpôlle yn de gaten

De gemeente Ljouwert hat sneontejûn yngrepen by de grutte drokte yn de Wielenpôlle op jûntiid. De bewenners hawwe de strjitten dêr lykas alle jierren wer hielendal yn krystsfear brocht. Guon ferkeapje krystguod lykas kryststikjes of wat iten en drinken, mar dat hat de gemeente leaver net. Der komme alle jûnen in hiel soad minsken op ôf en dat soarget foar ferkearsoerlêst.
© Omrop Fryslan, Willem de Vries
Sneon stie it ferkear by de rotonde by de yngong fan de Wielenpôlle al fêst. Bewenners fan de Wielenpôlle hawwe in oprop dien om foaral mei de auto te kommen en genôch ôfstân te hâlden.