Aldegea, Nyegea en De Pein wurkje oan ferkearsfeiligens

13 des 2020 - 09:36

De doarpsbelangen fan Aldegea, Nyegea en De Pein wolle mei-inoar de ferkearsfeiligens yn de doarpen ferbetterje. Der is in kommisje ferkearsfeiligens opset en takom jier wolle de doarpen yn oerlis mei de gemeente Smellingerlân en Veilig Verkeer Nederland oan de gong. It giet der benammen om dat der te hurd riden wurdt.

De Pein - Foto: Wikimedia Commons

De doarpsbelangen krigen geregeld klachten oer gefaarlik rydgedrach. Ut mjittingen fan de gemeente ein 2019 is it byld dat der te hurd riden wurdt befêstige. Op de Kletten tusken De Pein en Drachten rydt hast 50 persint fan de bestjoerders hurder as de 60 km/oere dy't tastien is. En op de Kommisjewei yn Nyegea ried meas as trijekwart fan de auto's hurder as 60 km/oere. En dat wylst op in stik ek mar 30 km/oere riden wurde mei. Ek op de Kilometerwei yn 'e rjochting fan Aldegea ride in soad minsken te hurd.

Enkête

De kommisje ferkearsfeiligens fan Aldegea, Nyegea en De Pein hawwe dêrom in enkête opset, dy't mei de post ferstjoerd wurdt en ek digitaal yn te foljen is. Dêrmei kinne letter ferfolchaksjes opset wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)