Lytse wenfoarm foar âlderein mei demintens op De Jouwer komt oan Ulohôf

13 des 2020 - 09:00

Gemeente De Fryske Marren hat in fergunning ferliend foar de nijbou fan in lytsskalige wenfoarm foar demintearjende âlderein op De Jouwer. It nije gebou moat op it terrein efter de Nutsbaan komme, foar de Blaauwhoflaan oer. Foar de dyk nei it gebou ta hat it kolleezje ek in nije strjitnamme fêststeld: Ulohôf.

De lokaasje oan de Ulohôf dêr't de wenfoarm komme moat - Foto: Omrop Fryslân

De omjouwingsfergunning foar de lokaasje leit noch in tal wiken ta besjen. De grûn leit al in skoftke braak, mar yn it ferline stie der in skoalle mei gymnastyklokaal.

Yn 1957 waard de kristlike ulo iepene. Nei kristlike skoalmienskip De Jouwer (mavo-lhno) folge yn 1986 de protestantsk-kristlike/roomsk-katolike skoalmienskip De Stûke (mavo en lhno). It skoalgebou waard doe 'De Blaauwhof' neamd.

Nei 1993 gie de skoalle op yn it Bornego College en yntusken binne de gebouwen al wer jierren sloopt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)