PODCAST Boekekast #6: 'Gjin fleis mear', in ferhaal fan Jaap Krol

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan 'Boeken fan Fryslân' en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de sechsde ôflevering is it ferhaal 'Gjin fleis mear' fan Jaap Krol te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwer. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra.
De barbecue dy't it buertsje organisearre, wie net echt foar de bern bedoeld. Wiebe Santema heit fan twa, helpdeskmeiwurker sûnder hier en yn syn frije tiid in betûft kajakfarder hie mei Jouke Zwerver heit fan trije, prosesbegelieder, troud mei Lubke en yn syn frije tiid meastal dwaande mei de tún it ien en oar rom en foaral simpel ynkocht. Fleis en fet: it gie hjir om de primêre geneuchten.
Ut it ferhaal 'Gjin fleis mear' fan Jaap Krol.
© Omrop Fryslân

Jaap Krol

Jaap Krol (1970) hat ferskate Fryske boeken publisearre, syn lêste boek is de Nederlânsktalige ferhalebondel De hond die overstak. Hy skriuwt ek kollums foar it Friesch Dagblad en strjitkrante De Riepe. It ferhaal foar de podcast giet oer in buertbarbecue dêr't haadpersoan Wiebe wat tsjin syn buorman sizze wol. "Dy buorman is sa'n flot type en Wiebe is in ûnwisse man, eins is er bang foar de buorman en wachtet er it goede momint ôf om te sizzen wat er te sizzen hat."
Dat it dan hielendal misgiet, fynt Krol moai om te betinken. "Je moatte altyd freeslik oerdriuwe fyn ik. Hoe flauwer, hoe better." Faak wrakselje syn personaazjes mei it libben, dêr sit ek wol wat fan himsels yn. "Mar ik wol ek gewoan in goed ferhaal betinke, mei in sterk plot. Ik fyn it skriuwen in ambacht, it moat technysk goed rinne."
De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân,City of Literature en Omrop Fryslân. Acht wiken lang wurdt sneons in nij ferhaal publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.