Autobrân oan de Vlasakkers yn Drachten

13 des 2020 - 07:28

Op de Vlasakkers yn Drachten hat yn de nacht fan sneon op snein in auto yn 'e brân stien op in parkearplak. Njonken de wein stiene noch twa auto's. De brânwacht koe foarkomme dat dy ek yn 'e brân rekken, mar beide auto's rekken wol flink skansearre troch de hjitte.

Foto: De Vries Media

De plysje hat yn de wyk ûndersyk dien nei de brân. Der soe yn de nacht ek fjoerwurk ôfstutsen wêze. Oft dat der wat mei de krijen hat, is net bekend makke. Mar de plysje slút brânstichting ek net út.

Trefwurden: 
Drachten autobrân Vlasakkers
(Advertinsje)
(Advertinsje)