Koade giel yn it Noarden om't der pleatslik tichte mist is

It KNMI hat foar it Noarden koade giel ôfjûn. It giet om in warskôging foar tichte mist: yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân is it sicht pleatlik somtiden minder as 200 meter.
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
It KNMI advisearret minsken dy't de dyk op moatte om de snelheid oan te passen en genôch ôfstân te hâlden. Yn de rin fan de moarn sil de mist wer ferdwine.