Hûs yn 'e brân oan de Stationsweg yn Grou

13 des 2020 - 07:13

Yn Grou hat sneontenacht oan de Stationsweg in hûs yn 'e brân stien. It gie om in skoarstienbrân. De bewenners koene it hûs op 'e tiid út komme.

Foto: CAMJO media

De brânwacht waard om middernacht hinne oproppen. De brân soe ek tusken de muorren fan it pân west hawwe, dêrtroch wie it dreech om it fjoer út te krijen. Der is in heechwurker út Ljouwert wei kaam en de brânwacht hat gatten yn it dak seagje moatten. It giet om in wat âlder hûs dat om de jierren 1920 hinne boud is. De wente rekke flink skansearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)