Fiifde kear brân yn Twizelerheide yn twa wiken

12 des 2020 - 22:36

Yn Twizelerheide hat sneontejûn opnij brân west. Op in fjildsje oan De Elzen hat in bulte mei rommel yn de brân stien. De brânwacht wachte mei it útmeitsjen fan de brân oant de plysje der wie. Dat diene se omdat der mei karbid sketten waard.

Foto: De Vries Media

De brânwacht is dizze moanne yntusken fiif kear ynset foar brannen yn it doarp. Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen makket him soargen oer de ynsidinten yn syn gemeente. Hy snapt de jeugd him ferfeelt troch de coronakrisis, "mar wat net akseptabel is, is dat in stik as acht bushokken opblaasd binne yn Surhústerfean, bankjes yn de hens yn Twizelerheide. Dat is fandalisme."

Hy hopet dat âlden en fersoargers mei de bern prate. Brouwer ferwachtet ek dat der mei âld en nij mear fernielingen binne as oars.

(Advertinsje)
(Advertinsje)