SC Cambuur winterkampioen nei muoisume winst op Jong AZ

12 des 2020 - 18:22

Sportklup Cambuur hat sneontejûn foar de sechsde kear op rige in wedstriid wûn yn de earste difyzje. De Ljouwerters spilen in lestige wedstriid tsjin Jong AZ, mar pakten wol de winst. It waard 2-0 troch twa strafskoppen fan Robert Mühren. Troch de winst wit Cambuur dat it as koprinner de winterstop yngiet.

Foto: Orange Pictures

De Ljouwerters hiene fan it begjin ôf in soad balbesit. Yn de twadde minút soarge dat foar in grutte kâns fan Issa Kallon, mar de rappe oanfaller krige de bal net tusken de peallen. Dêr bleau it net by, want Cambuur omsingele de tsjinstanner en fuotballe in grut part fan de tiid op de helte fan Jong AZ. Mear as in pear kânskes fan Robert Mühren smiet dat yn it earste kertier net op.

Jong AZ komt yn 'e wedstriid

Nei tweintich minuten krige rjochtsback Doke Schmidt de kâns om út te heljen, mar it skot fan de ferdigener gie rjocht op keeper Bakker ôf. Stadichoan kamen de talinten út Alkmaar dêrnei wat mear yn de wedstriid, sûnder gefaarlik te wurden. Dat feroare doe't Koopmeiners fan tichteby ynsjitte koe, mar gelokkich foar Cambuur koe keeper Stevens rêding bringe. Efkes letter moast Stevens wer yn aksje komme by in skot fan Lathouwers. De doelman soarge derfoar dat it 0-0 bleau by it skoft.

Yn de twadde helte wie it Cambuur dat de earste grutte kâns krige. Mühren koe de bal foarsette, mar Korte koe krekt net binnen tikke. Oan de oare kant fan it fjild moast Mac-Intosch yngripe foar't Taabouni gefaarlik wurde koe. Nei in lyts oere spyljen hie trainer Henk de Jong genôch sjoen. Mei in dûbele wiksel besocht er it duel iepen te brekken.

Kadootsje fan de skiedsrjochter

Nei goed in oere spyljen gie de bal op de stip, doe't Kallon ûnderút gie yn duel mei Jacobs. Cambuur mocht fan gelok sprekke dat der gjin VAR oanwêzich wie yn Ljouwert, want der like net folle oan de hân. It kadoke waard útpakt troch topskoarder Robert Mühren, dy't der 1-0 fan makke.

It duel waard der dêrnei net better op. Dochs krigen beide ploegen noch in grutte kâns. Tsien minuten foar tiid wie der in kopkâns foar Mühren om der 2-0 fan te meitsjen, mar hy kopte de bal neist de goal. In pear minuten letter wie it Baars oan de oare kant, dy't Stevens passearre, mar syn bal einige op de peal.

Foto: Orange Pictures

Yn de lêste minút krige Cambuur noch in strafskop, doe't Antonia ûnderút helle waard. Fons Gemmel krige read en Mühren makke syn fjirtjinde fan it seizoen. Dêrmei wie de wedstriid ek dien.

Winterkampioen

Foar Cambuur wie it alwer de sechsde oerwinning op rige. De ploech stiet no op 40 punten út 16 wedstriden. Mei troch puntferlies fan konkurrinten NAC (0-0 tsjin Go Ahead Eagles) en De Graafschap (2-2 tsjin Jong Ajax) kin Cambuur himsels, mei noch ien kompetysjewedstriid te gean foar de winterstop, winterkampioen neame.

Cambuur spilet tongersdei yn de twadde ronde fan de KNVB-beker. De Ljouwerters nimme it dan thús op tsjin Go Ahead Eagles. Snein 20 desimber stiet dan it lêste kompetysjeduel fan 2020 op it programma. Dat is in útwedstriid tsjin Excelsior.

SC Cambuur - Jong AZ 2-0 (0-0). 63. Robert Mühren 1-0, 90+5. Robert Mühren 2-0.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt (57/Ter Heide), Mac-Intosch, Schouten, Sambissa; Hoedemakers, Jacobs (85/Kramer), Paulissen (57/Maulun); Kallon (72/Oratmangoen), Mühren, Korte (85/Antonia).

(Advertinsje)
(Advertinsje)