De Geitefok yn Aldeberkeap bestiet 75 jier: "Wy hawwe ús doarp op de kaart set"

12 des 2020 - 17:33

Aldjiersferiening De Geitefok út Alderberkeap bestiet dit jier 75 jier en is dêrmei ien fan de de âldste âldjiersferieningen fan Nederlân. In grut feest kin dit jier spitigernôch net, mar de tradysje fan it fersieren fan de krystbeam yn Aldeberkeap koe wol trochgean. En dit jier kamen dêr ek in tal âld-leden dy't meiholpen.

De Geitefok bestiet 75 jier

Ien fan dy âld-leden is Ane Talma. Hy is mei syn 15 jier it langst lid. "Mar dat wie net de bedoeling hear", fertelt er. "Ik soe ophâlde, mar doe woe de rest ek ophâlde. Dêrom bin ik langer by de feriening bleaun, sadat hy bestean bliuwe koe."

Frijheidsbyld fan Heerhugowaard

Talma hat al aardich wat stunten meimakke, mar der binne altyd in pear dy't him bybliuwe. "It frijheidsbyld út Heerhugowaard bygelyks." It wie op sneontejûn 29 desimber yn 2001, doe't De Geitefok de seis meter hege replika fan it Vrijheidsbeeld meinimme woene. Sy soene it byld mei in frachtwein ferpleatse nei Fryslân. De ploech dy't him losmeitsje soe wie krekt klear en doe seagen wy de plysje oankommen. Se waarden gelyk oppakt, mar wy net."

De ploech waard meinaam nei it plysjeburo yn Alkmaar. Doe is de ploech fan Talma dêr ek mar hinne riden om te sjen oft se harren maten wer frij krije koene. "Wy koene dy jonges der ek net efterlitte." Nei wat útlizzen hat de plysje se frij litten. Om net mei lege hannen nei hûs ta te gean, hawwe se kontakt socht mei de eigener fan it byld. Dat wie de eigener fan de winkel yn antyk dêr't it byld foar stie. It byld wie kocht as publykslûker foar syn bedriuw. Mar om't De Geitefok ta sei it byld werom te bringen, mochten se him dochs mei hawwe."

Ane Talma by de krystbeam - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Untstean De Geitefok

Nei de oarloch kaam der altyd in groep frijfeinten by de kroech 't Wapen yn Aldeberkeap. Sy moasten harren oan de regels hâlde. Dat betsjutte dat de kroech betiid slute moast, wylst de mannen noch gjin nocht hiene om nei hûs te gean. Dêrom betocht Bartus Hof yn 1945 om in feriening op te rjochtsjen, dan mochten je wol byinoar komme. De feriening hie ien doel: de fiering fan de jierwiksel yn Aldeberkeap in oar karakter jaan. En sa begûn in tradysje fan jierren.

Werom nei de jierren 50

By de groep fan âld-leden stiet ek Jacobus Lukkes. Hy is al sûnt de jierren 50 lid. Yn de tiid dat Jacobus Lukkes begûn as lid fan De Geitefok wiene de stunten wat minder grut as no, mar noch wol even moai. "Ien fan myn earste stunten wie yn de jierren 50, fertelt Lukkes. "Wy hawwe sawat by alle boeren harren weinen ophelle en efter inoar set. Uteinlik hiene wy sa'n 12. Dy brochten wy nei it fuotbalfjild ta."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by De Geitefok

Lukkes gniist as hy weromtinkt oan de aksje. "Dat wie in spektakel! De plysjeman wie der ek gewoan by, dy fytste der wat om hinne." It wie in teken dat it doarp ek efter de aksjes stie dy't de manlju úthellen. "In boer kaam út syn sliepkeamerraam en sei dat we foarsichtich dwaan moasten mei syn wein. Mar hy liet ús wol gewoan trochgean."

Jacobus Lukkes fan De Geitefok - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Trouwe mei de geit

Ien fan de moaiste tradysjes fynt Lukkes dat der yn syn tiid in geit mei gie nei de trouwerij as in lid fan De Geitefok trouwen gie. "Dan kaam dy geit binnen en pakte hy fuortendaalks it breidsboeket en friet him op. Eltse kear wer."

Neist it fermaak dy't de stunten mei him mei bringe, hat it ek noch in oar doel. "In stunt úthelje is net sa dreech, mar do moatst der ek in ferhaal efter hawwe", fertel Anema. "It is in kear bard dat wy net in plan hiene om wat te stellen, doe hawwe wy in boerd yn it doarp delset dêr't op stie dat der in gemeentehûs yn Aldeberkeap komme soe. Der kaam in grutte diskusje. It hat in hiel soad publisiteit oplevere foar it doarp. Wy hawwe it op de kaart set."

De âldjiersferiening betsjut dêrom ek in soad foar it doarp. Neist de stunten organisearje sy aktiviteiten. Bygelyks in bingo foar âlderein, in nijjiersfeest en in peaskefjoer, "Wy hawwe as feriening in soad foar it doarp betsjutte. En sa bliuwe de jongelju ek wat dwaande. Der wie yn myn tiid nea gedoch mei âld en nij."

Op snein 13 desimber stjoert Omrop Fryslân om 17.45 oere in film út oer de skiedenis fan De Geitefok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)