Ek SP set Lelyline yn ferkiezingsprogamma

12 des 2020 - 17:19

De Lelyline komt ek yn it ferkiezingsprogramma fan de SP. Dat is sneontemiddei besletten op it kongres fan de partij. De rappe spoarline tusken it Noarden en de Rânestêd stie net yn it earste konseptprogramma fan de SP, mar nei ynput út ûnder oare de Fryske ôfdieling wol yn de twadde ferzje.

Foto: ANP

Ek de VVD, CDA, PvdA, D66, ChristenUnie en de SGP ha de spoarferbining opnaam yn it programma. De Lelyline moat fan Lelystêd nei Grins rinne, oer Emmeloord, It Hearrenfean en Drachten.

4 oant 6 miljard

De Lelyline sil nei alle gedachten minimaal tusken de 4 en 6 miljard euro kostje. It jild dêrfoar soe út it Wopke-Wiebes-fûns helle wurde, it ynvestearringsfûns fan minister fan Finânsjes Wopke Hoekstra en minister fan Ekonomyske Saken Eric Wiebes. Dêr sit 50 miljard yn.

Foto: Omrop Fryslân

Ein novimber waard bekend dat it Ryk mei in ferfolchûndersyk komt nei in bettere spoarferbining tusken it noarden en de Rânestêd. Dat soe de Lelyline wêze kinne, mar ek de opsje om it besteande spoar te ferbetterjen leit noch op tafel. It ûndersyk moat ein takom jier klear wêze.

SP-Keamerlid Cem Laçin spruts earder dizze wike syn yrritaasje út oer de trage beslútfoarming:

(Advertinsje)
(Advertinsje)