Ljochtkeunst op geheime plakken yn Fryslân

12 des 2020 - 17:00

Op alve plakken yn Fryslân binne de kommende tiid ljochtkeunstwurken te sjen. It wurdt makke troch it LUNA Collective, bekend fan it ljochtfestival yn Ljouwert. Eltse jûn wurdt der in oar plak op in kreative wize yn it ljocht set. It is te sjen by Omrop Fryslân, want fanwege de coronamaatregels kin der gjin publyk by wêze. It hjit: 11 Andere Oorden.

Foarútsjen 11 Andere Oorden

Wêr't it allegearre te sjen is, bliuwt yn it foar geheim. It giet net om ikoanen, mar just plakken dy't net hiel bekend binne. Efter dizze kar sit in krystgedachte, sa fertelt Andrea Möller fan it LUNA Collective. "Wij willen iedereen integreren en dit hebben we vertaald naar objecten, plaatsen en oorden die niet zo bekend zijn. Ze zijn niet geliefd, er is kritiek op of ze zijn afgeragd. Wij zetten hier licht op en laten het er heel mooi uitzien. Wat positieve aandacht krijgt wordt vanzelf mooi."

By Omrop Fryslân te sjen

Fanwege de coronamaatregels mei it gjin publyk lûke, mar wurdt it fia Omrop Fryslân op telefyzje by it publyk brocht. "Het kan een toevallige voorbijganger trekken en dat is te overzien", fertelt Koos de Vries fan de organisaasje. "Maar als het te druk wordt dan moeten we de stekker er helaas uit trekken, maar dat is binnen deze formule helemaal geen probleem omdat het via tv en internet te zien is. Het is een soort flits-moment, voordat iemand het doorheeft waar we zijn, zijn we alweer vetrokken."

Elkenien dy't nijsgjirrich is nei de ljochtprojekten kin dy fan moandei 14 desimber ôf alle dagen fan 17.00 oere ôf sjen op de telefyzje of online by Omrop Fryslân, of op www.friesland.nl/11oorden. It rint alve dagen efter inoar, oant earste krystdei.

Dêr binne ek ynterviews te finen mei de makkers fan de ljochtprojekten en oare oanfoljende eftergrûnynformaasje. Sa kin elkenien, ek fan in ôfstân, genietsje fan 11 Andere Oorden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)