FIDEO: Fryske froulju sette útein mei Atlantyske Oseaan-roeitocht

De fjouwer roeisters, bekend ûnder de namme Atlantic Dutchesses, binne úteinset fanút La Gomera. Om 6 minuten oer 12, Nederlânske tiid, makken se harren earste slach fan de race. De froulju roeie foar it goede doel: jild ynsammelje foar ûndersyk nei hert- en faatsykten by froulju.
Fryske froulju sette útein mei Atlantyske Oseaan-roeitocht
It sportive doel is as earste Nederlânske frouljusteam oan te kommen én miskien sels in wrâldrekôr del te setten. It duorret nei ferwachting minstens 40 dagen foar't de roeisters oankomme op it eilân Antigua.