ChristenUnie fynt dat Frysk fêstlein wurde moat yn grûnwet

De ChristenUnie wol dat it Frysk fêstlein wurdt yn de grûnwet. Dat stiet yn it lanlike ferkiezingsprogramma dat de partij moandei presintearret. Neffens de ChristenUnie set de partij him der al langer foar yn dat it Frysk yn de grûnwet komt. Foar in soad minsken is de memmetaal, dêr't se har it bêst yn uterje kinne.
© Omrop Fryslân
Ferankering yn de grûnwet moat dêr rjocht oan dwaan, seit de ChristenUnie. De partij hat twa Friezen op de list foar de Twadde Keamer stean: Carlijn Niesink fan Wurdum op it 19e plak en Andries Bouwman fan Ljouwert op it 27ste plak.

'It is kultuer en identiteit'

"Op it stuit dat ik nei Fryslân ferhuze, hie ik net yn 'e gaten hoe wichtich de Fryske taal is", seit Niesink. "No, jierren letter sjoch ik de wearde fan de Fryske taal. It is net allinne in taal, it is in kultuer en foar in soad minsken in diel fan har identiteit. Ik wurkje foar in tsjerke yn Berltsum en dêr sjoch ik wat de Fryske taal docht mei minsken. It is de taal dy't se rekket, dêr't se har emosjoneel yn uterje, de taal fan it hert. Neat komt sa nei as de eigen memmetaal. Dêrom fyn ik it wichtich dat it Frysk yn 'e grûnwet komt!"

'Net ferbrekke moatte foar my'

Bouwman tinkt der ek sa oer: "Ik fernim it yn myn wurk as wethâlder, bygelyks as ik yn petear bin mei in mantelsoarger, mar ek by de jongerein en by âlderen. Myn Frysk is net sa goed, mar ik wol net dat oare minsken harren ferbrekke moatte foar my. Dit moatte se ek net dwaan hoege yn it sikehûs, de rjochtbank oft yn it gemeentehûs."