Fryske favoriten troch nei finaledei NK shorttrack

12 des 2020 - 15:04

De Fryske favoriten by it shorttrack ha har op alle trije ôfstannen pleatst foar de finaledei fan it NK ôfstannen yn Thialf op It Hearrenfean. Fjouwer Friezen pleatsten har foar alle ôfstannen: Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat by de manlju, Suzanne Schulting en Rianne de Vries by de froulju.

Foto: www.orange-pictures.nl

By de manlju wûn Sjinkie Knegt op de 1000 meter syn kwartfinale, by de froulju diene olympysk kampioene Suzanne Schulting en Rianne de Vries itselde. Ek Sven Roes en Itzhak de Laat geane troch nei de heale finales op de 1000 meter. Sy waarden twadde yn harren kwartfinale. Anne Floor Otter waard tredde, sy gong troch as tiidsnelste. Daan Breeuwsma, Dennis Visser en Jasper Brunsmann hellen it net.

500 meter

Op de 500 meter wûn Itzhak de Laat syn kwartfinale. Yn dyselde race waard Sjinkie Knegt twadde, ek genôch om him te pleatsen foar de heale finale. Daan Breeuwsma gong as tiidsnelste troch, Jasper Brunsmann en Sven Roes rêden it net op. By de froulju wûnen Suzanne Schulting en Rianne de Vries harren kwartfinales. Anne Floor Otter waard tredde en dat wie net genôch.

1500 meter

Op de 1500 meter wiene de Fryske favoriten by de froulju ek oertsjûgjend. Rianne de Vries en Suzanne Schulting wûnen elk har heale finale. Anne Floor Otter gong net fan start. By de manlju waarden Sven Roes en Itzhak de Laat twadde yn harren heale finale. Sjinkie Knegt waard tredde, mar pleatst him mei syn tiid dochs foar de finale.

De finaledei begjint snein om 12.35 mei de heale finales en finales op de 1000 meter. Dêrnei binne de heale finales en finales op de 500 meter en it wykein einiget mei de finales op de 1500 meter.

Fryske shorttrackers op finaledei

Manlju Froulju
500 meter (heale finales) Daan Breeuwsma, Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat Suzanne Schulting, Rianne de Vries
1000 meter (heale finales) Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat, Sven Roes Anne Floor Otter, Suzanne Schulting, Rianne de Vries
1500 meter (finale) Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat, Sven Roes Suzanne Schulting, Rianne de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)