Omrop TIP: Beklimmers diel 3: de takomst fan de lânbou

12 des 2020 - 15:02

De takomst fan de lânbou is miskien wol it grutste tema fan it plattelân. Der liket in twadieling tusken hightech lânbou en biologyske. Mar kinne je ek noch op in oare wize nei de lânbou sjen? It is it tema yn ôflevering 3 fan de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' fan Fryslân DOK.

Imke de boer en Evelien de Olde binne ûndersikers 'dierlijke productiesystemen' oan Wageningen University & Research. Tegearre hawwe se in yntegrale fisy skreaun oer de takomst fan de lânbou. Harren fisy begjint by de boarger. Dy moat belutsen wurde by syn eigen produksje fan iten, sadat hy dêrfoar ferantwurdlikens fielt. Boppedat pleitsje De Boer en De Olde foar 'miljeuplafonds', dat wol sizze: de makismale belêsting dy't in regio hawwe kin fan de lânbou. It idee: de boer is njonken in effisjinte produsint ek 'steward' fan it lânskip en wurdt dêrfoar ek betelle.

Imke de Boer (l) en Evelien de Olde - Foto: Omrop Fryslân

In oare beklimmer is foeraazjehanler Theo Mulder fan Kollumersweach. Syn misje is de lânbougrûn wer sûn krije troch minder keunstdong en pestisiden te brûken. Mei oare gerssoarten en in natuerlike boaiembehanneling kin de boer duorsumer wurkje en krekt sa'n goede produksje leverje as no, is Mulders oertsjûging. Hy neamt de boer 'de apteker fan de takomst', wêrby't sûn iten it medisyn is. Hy preket syn evangeelje by boeren yn it lân en hat kontakt mei ynternasjonale wittenskippers.

Theo Mulder - Foto: Omrop Fryslân

De makkers fan Fryslân DOK, Albert Jensma, Bart Kingma en kameraman Jan Bensliman, geane ek del by 'zelfoogsttuin Us Hôf' yn Sibrandabuorren, eigeners Bregje Hamelynck en Michel Paulius wurkje dêr op basis fan permakultuer. Op it hiem groeie grienten, fruitbeammen en blommen, der wurde kursussen en ytgearkomsten holden. 'Us Hôf' is in 'Community Supported Agriculture', oftewol in bedriuw dat gearwurket mei de mienskip dêr't it de gewaaksen oan leveret. De leden fan de koöperaasje kinne meihelpe op it lân en sels harren iten rispje.

Us Hôf Sibrandabuorren - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK 'Beklimmers fan it flakke lân diel 3: Lânbou':
Sneon 12 desimber 15.30 oere op NPO 2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 13 desimber 13.10 oere)
Snein 13 desimber 17.00 oere op Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(Advertinsje)
(Advertinsje)