Aris begjint op 16 jannewaris wer oan de kompetysje

12 des 2020 - 15:01

De Dutch Basketball League, de heechste basketbalkompetysje yn Nederlân, begjint wer op 16 jannewaris. Dat is sneon besletten op de ledegearkomste. Yn dy kompetysje spilet ûnder oare Aris út Ljouwert.

Foto: www.orange-pictures.nl

It kabinet makke earder dizze wike bekend dat topsporters fan tongersdei ôf wer traine en spylje meie ûnder guon betingsten.

Hoe't de kompetysje der presys út komt te sjen, wurdt takom wike fêststeld. De klups ferwachtsje de kommende dagen mear dúdlikheid fan sportbûn NOC*NSF oer it testprotokol.

Sneon is besletten dat alle klups oant 1 jannewaris safolle spilers oanlûke meie as se wolle. Dat is twa wiken langer as earst. Hoe't it komt mei it publyk by de wedstriden, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Aris basketbal coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)