HEA! Retroradio yn Warkum

Alle sneonen wurde troch Vincent Postma en Marcel Dijkstra online plaatsjes op fersyk draaid út kafee Spoorzicht yn Warkum wei. De radio-útstjoeringen binne fia de streamingstsjinst DLive te hearren. Harkers kinne harren fersykjes trochbelje of appe en it programma is tige populêr. De beide manlju binne beiden muzykfanaten en harren hobby is folslein út de hân rûn. De muzyk wurdt draaid fan vinyl en komt allegear út de jierren 60, 70 en 80.
HEA! Retroradio