Snert foar alle ynwenners Gerkeskleaster-Strobos: 'Soep op de Stoep'

12 des 2020 - 19:14

Gerkeskleaster-Strobos is sneon yn 'e besnijing fan in bysûndere aksje: 'Soep op de Stoep.' It giet om in inisjatyf fan it Generatiehuis, de Doarpsrie, ûndernimmers, tsjerken en frijwilligers. Troch snert út te dielen besykje de doarpen wat tsjin iensumens yn dizze coronatiid te dwaan: de ynwenners efkes witte litte dat der om harren tocht wurdt.

De doarpen sette de skouders derûnder en besykje wat mear ienichheid yn de doarpen te krijen. "It is in aksje dy't al op mear plakken yn it lân draaid hat. Wy fûnen it sa leuk dat wy tochten: dat dogge wy ek. Ik haw kontakt socht mei de inisjatyfnimmer dy't ik noch koe fan myn eardere wurk. Dêr hawwe wy in draaiboek fan krigen en sa is it begûn," seit Elly van Manen fan de aksje.

Neffens har is it goed dat der wat omtinken is foar inoar. "Je sjogge it net altyd. Dus wy tochten: wy bringe gewoan éltsenien in bakje snert. As je dan minsken treffe dy't dochs wol iensum binne, dan sjogge je dy fuortendaalks."

Wike lang snert siede

Sadwaande wurdt der sneon snert rûnbrocht. Dat bart wol feilich: de frijwilligers hawwe in mûlkapke op, drage moffen en hâlde genôch ôfstân. Nettsjinsteande de maatregels hoopje alle frijwilligers dat de aksje de ynwenners wat opmoediget. Van Manen: "De frijwilligers hawwe in amerke mei krigen om de sop op te setten. Dat kinne sy delsette en dêrnei oanbelje. De snert is makke troch minsken fan de 4 Elementen, in wurkplak yn it doarp foar minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. Sy hawwe in hiele wike oan it sopsieden west."

Oant no ta binne de reaksjes tige posityf, seit Van Manen. "Minsken fine it prachtich. 'Wat mooi, ik ben zo coronamoe,' sei ien. 'Geweldig, superactie,' sei in oar. En der is ek in famke dat by de doarren del giet om in krystferske te sjongen."

Elly van Manen fan de aksje 'Soep op de Stoep'

(Advertinsje)
(Advertinsje)