UPDATE: Treinsteuring tusken Ljouwert en It Hearrenfean ferholpen

12 des 2020 - 22:49

Sneon ha hast de hiele dei minder intercity-treinen riden tusken Ljouwert en It Hearrenfean. Dat kaam troch in seinsteuring. Minsken ha lang dwaande west mei it ferhelpen fan dy steuring. Dat is sneontejûn let slagge.

Perronnen op it stasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De ferwachting wie earst dat de steuring oant 15.30 oere duorje koe, mar dat waard letter hieltyd bysteld. Uteinlik wie it om likernôch 22.30 oere klear. Troch de steuring rieden der ek minder sprinters tusken Akkrum en Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)