Plysje op syk nei ynbrekkers by boubedriuw yn Balk

12 des 2020 - 11:18

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon socht nei ynbrekkers by in boubedriuw op it bedriuweterrein Eigen Haard yn Balk. Der wie in melding fan in ynbraak, wêrnei't de plysje mei in heechwurker fan de Snitser brânwacht op in dak nei de dieders socht hat. Ek speurhûnen waarden ynset om de omjouwing ôf te sykjen. Der binne gjin minsken oanhâlden en it is net bekendmakke oft der guod stellen is.

Foto: CAMJO media

De plysje is dêrom op syk nei tsjûgen fan de ynbraak en freget minsken dy't wat soen hawwe, om harren te melden.

Trefwurden: 
ynbraak Balk Eigen Haard
(Advertinsje)
(Advertinsje)