Wopke Hoekstra is minder Frysk as je tinke, mar hat wol Opsterlânske roots

12 des 2020 - 10:59

De kranten steane der fol mei: it CDA-bestjoer hat Wopke Hoekstra foardroegen as nije listlûker foar it CDA. Earder dit jier hie de minister fan Finânsjes dêr noch gjin nocht yn, mar no hat hy der wol mei ynstimd. By de namme 'Wopke Hoekstra' soene je goed tinke kinne dat it om in Fries giet. De roots fan de famylje Hoekstra lizze hjir oarspronklik ek, mar de famylje is hjoed-de-dei net sa Frysk mear.

Minister Wopke Hoekstra - Foto: ANP

Wopke Hoekstra waard yn 1975 berne yn it sikehûs yn Bennekom, syn heit Joost wie op dat stuit húsdokter yn oplieding. De lytse poppe waard net ferneamd, mar krige wol in Fryske foarnamme: Wopke. Mar dat wie allinne om't Wopke syn âlden in Fryske namme leuk fûnen en ek al in Wopke koene.

Oerpake fan De Himrik

Wopke syn pake Arie Hoekstra (1912-1995) wie heechlearaar klassike talen en Gryksk. Pake Hoekstra is berne yn Clinge. Ek dat wie dus net in Fries. Mar Wopke syn oerpake wie dat wol: Binne Hoekstra (1880-1940). Oerpake Hoekstra wurke as kommandant by de Maresjesee en letter as administrateur. Hy is al as jongfeint út de provinsje wei ferhuze, mar hy kaam fan De Himrik. En by him begjint in heiteline yn Opsterlân.

Fóar oerpake Binne folgje lânbouwer Luitzen Wiebes Hoekstra (1838-1895), arbeider en lânbouwer Wiebe Luitzens Hoekstra (1811-1886) en weinmakker Luitzen Douwes Hoekstra (sirka 1762-1846). Al dizze foarfaars yn de rjochte manlike line wennen yn Lippenhuzen, dêr't Luitzen Douwes Hoekstra op 20 maart 1812 ek de efternamme 'Hoekstra' registrearje liet foar syn famylje:

Akte fan it oannimmen fan de efternamme 'Hoekstra' yn 1812 - Foto: Tresoar | AlleFriezen
(Advertinsje)
(Advertinsje)