Nije boek "We strûpe derûnder" fan Gjalt de Groot is in tiidsdokumint

12 des 2020 - 09:09

It nijste boek fan fjildman Gjalt de Groot fan Holwert is in grut sukses. "We strûpe derûnder" beskriuwt it libben yn De Alde Feanen fan ein 19e iuw oant de midden fan de 20e iuw. Yn goed 14 dagen binne der al tûzen fan ferkocht en dat is foar in Frysk boek in boppeslach.

Gjalt de Groot, Hilda Talsma en Anna Heegstra - Foto: Eigen foto

Foaral yn Warten, Earnewâld, Wergea en Grou is it in bestseller: dizze wike waard it 100ste boek dat yn Warten ferkocht is, útrikt oan skriuwster Hilda Talsma, dy't hiel tafallich dat 100ste boek yn Warten kocht hie.

Fan elts ferkocht boek yn Warten giet fiif euro nei de restauraasje fan de Greidbuorkerij fan Museum Warten. Gjalt de Groot stipet dêrmei dy restauraasje en dat docht er ek mei lyksoartige doelen yn Grou, Wergea en Earnewâld.

De Lege Midden

"We strûpe derûnder!" It wie in needgjalp. As yn de hjerst de fûle súdwesterstoarmen it wetter út it marregebiet nei De Lege Midden fan Fryslân opwaaide en it om Grou, Warten en Earnewâld hinne heger en heger kaam, dan waard it in grutte striid om boppen te bliuwen. It bûtenwetter rûn oer de polderdykjes en de binnenkriten drigen fol te rinnen.

Gjalt de Groot oer syn boek

Gjalt de Groot mei op de achtergrûn de pleats dêr't er opgroeide - Foto: Eigen foto

Gjalt de Groot, fjildman en folksskriuwer, opgroeid yn dat wetterlân, skriuwt oer dy striid en oer it libben fan de minsken dy't dêr fier efterôf wennen op harren buorkerijen mei legindaryske nammen as Luctor et Emergo, Laban, Cuba, Werklust (18-mêd) en de Koaipleats. Allegear pleatsen dêr't minsken allinne mei de boat komme koene. De Groot beskriuwt yn dizze roman it libben fan Jeen en Anne van den Berg, de pake en beppe fan Alvestêdetochtwinner Jeen van den Berg (1954) en Jeen Nauta, ien fan de fiif reedriders dy't yn 1956 tagelyk oer de streek kamen yn de Alvestêdetocht.

Sân jier

"We strûpe derûnder!" kin beskôge wurde as in tiidsdokumint út it hurde libben fan doe, beskreaun troch in man dy't gebrûk makke hat fan syn eigen ûnderfining yn dat wetterlân. De Groot hat ek mei neibesteanden fan de bewenners fan De Alde Feanen praat. "Ik haw sân jier dien oer it skriuwen fan dit boek. Dat is lang, mar it wie ek nedich want it moast rypje". Hjir en dêr hat de skriuwer wat fantasy brûkt om der wat spanning yn te bringen. "Mar de beskriuwing fan it bewurkjen fan it lân, it molkfarren, it fiskjen mei de fûken, dat is allegearre echt sa't it doe wie".

It boek 'We strûpe derûnder' - Foto: Eigen foto

Gjalt de Groot ferhuze mei syn âlden fan de pleats Luctor et Emergo yn De Alde Feanen nei in pleats by Raerd. It wie it doel dat hy it bedriuw fan syn âlden oernimme soe, mar dêr hie er gjin nocht oan. Hy hat lang foarljochter west en kocht letter in bargebuorkerij by Holwert en waard bargeboer. Sûnt er dêr mei opholden is hâldt er him dwaande mei fiskjen, ielrikjen, einekoerflechtsjen en it skriuwen fan boeken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)