Partijen wolle ûnôfhinklik ûndersyk nei wat TopDutch-kampanje opsmiten hat

De Steatefraksjes fan FNP, Partij van de Arbeid en GrienLinks wolle witte oft de ekonomyske marketingkampanje TopDutch fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte wol wat opsmiten hat. En oft it wol tûk is om der mei troch te setten. De partijen stelle skriftlike fragen oer it útbliuwen fan oantoanber resultaat. Der is 1,2 miljoen euro yn de kampanje stutsen.
TopDutch © TopDutch
It is ûndúdlik oft TopDutch wol bydroegen hat oan it ynheljen fan nije bedriuwen. De fraksjes wolle fan Deputearre Steaten witte oft de kampanje echt wol wat opsmiten hat. Dêrneist wolle sy witte oft de buro's dy't ynhierd binne wol opdracht krigen hawwe neffens de Europeeske oanbestegingsregels.

Evaluaasje

Der hat in evaluaasje west troch it buro ERAC, mar neffens de fraksjes rint it rapport fan ERAC mei in grutte omwei om de oanbesteging en it ta stân kommen fan it projekt hinne. Dêrom pleitsje de fraksjes foar in ûndersyk troch in ûnôfhinklike partij.
"In pynlike fraach is oft de namme TopDutch sa stadichoan net tefolle 'besmet' rekke is," skriuwe de fraksjes. De fraksjes wolle antwurden hawwe foardat der yn de Steaten op 6 jannewaris in debat oer holden wurdt.