Brân yn in hûs oan de Voorzoom yn Snits

Oan de Voorzoom yn Snits hat yn de nacht fan freed op sneon brân west yn in hûs. De bewenners koene op 'e tiid út harren wente komme. Sy binne troch ambulânsepersoniel opfongen om't sy reek ynazeme hiene. Meardere brânwachten binne op it plak kaam.
© CAMJO media
Efkes nei middernacht waard de brânwacht ynskeakele en dy makke al frij rap melding fan in middelbrân. De brânwacht hat it fjoer út krigen en it hûs fentilearre. Hoe't de brân krekt ûntstean koe, wie ûndúdlik. De plysje hat ûndersyk dien nei de tadracht fan de brân.