Roosje Hylpen krijt predikaat Hofleveransier: "Letterlik de kroan op ús wurk"

11 des 2020 - 22:02

De âld-Hylper keunstskilders fan Roosje wurde keninklik. It bedriuw krijt nije wike freed fan kommissaris fan de Kening Arno Brok it predikaat Hofleveransier oerlange. It bedriuw bestiet 125 jier en is spesjalisearre yn de tradisjonele Hylper keunst en hânmakke en beskildere meubels. "Letterlik de kroan op ús wurk", seit Titus Stallmann fan it bedriuw.

Foto: Roosje Hindeloopen

De titel Hofleveransier wurdt takend oan lytse en middelgrutte ûndernimmingen dy't fan belang binne foar de regio, in foaroansteand plak ynnimme yn in brâns, in goede namme hawwe en finansjeel sûn binne.

"We binne hiel fereare", seit Stallmann. "Foar myn foarâlden en de generaasje foar ús is fansels in skitterjend momint is. Hoewol't it al hiel lang lyn is, wol ik it kredyt oan myn foarâlden jaan. Wy meitsje in hiel bysûnder produkt", seit hy.

De relaasje fan it bedriuw mei it Keningshûs giet fier werom. Yn 1890 kocht in lid fan de Keninklike famylje foar it earst wat fan it bedriuw oan. Yn 2005 hat Stallmann mei in kollega twa oeren op privee-besite west by, doe noch, prins Willem-Alexander en prinses Máxima. "Sy hawwe in hiel soad meubels fan ús", fertelt Stallmann. "We ha by harren thús praat oer it Hylper erfgoed en de Hylper produkten."

No is it bedriuw dus ek echt keninklik. "Wy meitsje de echte Hylper meubels. Dat kinne we no sizze", sa seit Stallmann.

Titus Stallmann fan Roosje Hylpen

(Advertinsje)
(Advertinsje)