Boargemaster Brouwer yn It Polytburo: 'Rekken hâlde mei mear fernielingen yn de âldjiersnacht'

11 des 2020 - 20:53

Boargemaster Brouwer fan Achtkarspelen hâldt rekken mei mear fernielingen yn de âldjiersnacht. No't der gjin grutte feesten organisearre wurde meie, en it karbidsjitten middeis om healwei fiven dien wêze moat, is der foar de jeugd eins neat te dwaan. Boargemaster Oebele Brouwer docht in berop op de jeugd yn syn gemeente, en hopet op it gefoel fan eigen ferantwurdlikheid. Yn Achtkarspelen hawwe 41 ploegen fergunning krigen foar it karbidsjitten, wêrby't guon yn ploechjes fan fjouwer man sjitte moatte, om groepsfoarming foar te kommen. Om eventuele ûngeregeldheden yn de âldjiersnacht oan te pakken binne alle ferloven fan de plysje ynlutsen, en sil der ek gjin plysjes nei oare gemeenten ta om dêr bystân te ferlienen, sa seit boargemaster Brouwer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)