Batista Meier komt tsjin Vitesse werom yn 'e basis

11 des 2020 - 19:57

Oliver Batista Meier stiet tsjin Vitesse wer yn de basis en ferfangt Sieben Dewaele. De oanfallende middenfjilder wie de ôfrûne wiken siik en miste dêrtroch de wedstriden tsjin RKC Waalwijk, ADO Den Haag en PSV. It wie de bedoeling dat Batista Meier ferline wike tsjin PSV al weromkeare soe, mar op it lêste momint wie hy dochs net fit genôch.

Johnny Jansen VITHEE

Johnny Jansen: "We gaan weer terug naar het vertrouwde. Oliver is veel doelgerichter en creatiever op de "nummer 10 positie". Daar waar Sieben veel meer een verbindingsspeler is en anderen beter laat spelen. Ze hebben allebei andere kwaliteiten. "

We gaan weer terug naar het vertrouwde.

Johnny Jansen

Vitesse draait oant no ta in goed seizoen en steane op it twadde plak, twa punten efter Ajax. Ferline wike ferlear de ploech fan de Dútske trainer Thomas Letsch ferrassend mei 2-1 fan PEC Zwolle. Letsch lit syn ploech yn in 5-3-2 systeem fuotbalje, mei trije sintrale ferdedigers en opkommende backs.

Jansen: "Vitesse heeft individueel goede spelers en speelt in een systeem dat in Nederland niet veel voorkomt. Maar dat deed Sparta ook en daarvan hebben we dik verdiend en vrij makkelijk gewonnen."

By Vitesse fersoarget Riechedly Bazoer as sintrale ferdediger de opbou fan efterút en op it middenfjild is âld- SC Hearrenfean spiler Oussama Tannane de man dêr't it om draait.

Jansen: "Bazoer doet het prima en Tannane is ongelooflijk creatief en heeft geweldige momenten, maar wij hebben ons plan klaar.

Mitchell van Bergen

Ferline wike skoarde Mitchell van Bergen nei alve kompetysjewedstriden einlik syn earste doelpunt. Dêr hikte hy al lange tiid tsjinoan.

Mitchell: "Voor mij was het echt een heel mooi moment. Ik had misschien al eerder moeten scoren, maar ik ga er mentaal wel goed mee om. En nu is het zaak om door te pakken,"

Jansen: "Mitchell straalt zoveel energie uit. De energie die hij geeft op het veld, zo is hij ook als persoon. En als hij dan zo'n goal maakt, dan is dat heel erg mooi voor hem. Dat gunt iedereen hem."

Ferwachte opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus, Van Hecke, Bochniewicz, Woudenberg; Kongolo, J. Veerman, Batista Meier; Nygren, H. Veerman en Van Bergen.

De wedstriid begjint sneintemiddei om 12.15 oere en is live te hearren yn it programma Snein yn Fryslân. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)