IIsbûn en Veiligheidsregio prate ôf: reedride op natueriis is tastien

As der dizze winter iis komt, sille de iiswegesintrales yn Fryslân der foar soargje dat der op natueriis riden wurde kin. Dit is besletten nei oerlis tusken De Friesche IJsbond en Veiligheidsregio Fryslân. Neffens harren kin der ek yn dizze coronatiid reedriden wurde om't dat op natueriis in 'individuele gelegenheid' is. Wol moatte de reedriders har hâlde oan de jildende maatregels. Tochten binne foarearst net mooglik.
Reedride op de Swettepoel yn De Broek © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De 22 Fryske iiswegesintrales binne frege om ek yn dizze tiid de banen te feien, swakke plakken te markearjen en paadwizers te pleatsen wannear't der genôch iis is. Der binne wol beheiningen as it giet om it tal minsken dat tegearre reedride mei. Tintsjes mei iten en drinken lâns de rûten wurde net tastien.