Foarsitter Fryske Eksportklup: 'Hurde Brexit min foar Fryske bedriuwslibben'

11 des 2020 - 19:06

It Fryske bedriuwslibben sil in klap krije as der in hurde Brexit komt. Dat seit foarsitter Harm Munneke fan de Friese Exportclub. Dit wykein wurdt der noch ûnderhannele troch it Feriene Keninkryk en de EU, mar it liket der op dat der 1 jannewaris noch net in nije hannelsoerienkomst leit. It Feriene Keninkryk is altyd al in wichtige hannelspartner foar de bedriuwen yn Noard-Nederlân en in hurde Brexit sil betsjutte dat de hannel mei dit lân in stik yngewikkelder wurdt.

Foto: Omrop Fryslân

"Ik had graag gezien dat er al eerder een handelsoveréénkomst zou liggen, want het wordt nu wel erg ingewikkeld natuurlijk", sa seit Munneke. En hy hat der dan ek eins gjin betrouwen mear yn dat it goed komt. "De tijd is nu wel erg krap en de uitspraken van de regering Johnson bieden ook niet veel houvast." It betsjut dat de hannel mei it FK nei 1 jannewaris in stik dreger wurde sil.

Sa sil der in soad papierwurk en kontrôle nedich wêze om eat nei de oare kant fan it Kanaal bringe te meien. En derneist sille de prizen oan beide kanten flink omheech gean. "En dat is erg jammer, maar daar zullen we mee om moeten gaan. En ik heb op zich het volste vertrouwen in de Friese ondernemers dat zij er weer een mouw aan zullen passen."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Om de ûndernimmers ûnder oaren dêryn helpe te kinnen hawwe it WTC en de Friese Exportclub ôfpraat mear mei-inoar gear te wurkjen. Sa is it de bedoeling dat beide ûndernimmersklups gebrûk meitsjen sille fan it netwurk inoar en sille se eveneminten op inoar ôfstimme. Freed waard yn it WTC Hotel yn Ljouwert de hanteken sette ûnder in offisjele gearwurkingsoerienkomst.

Foarsitter Harm Munneke fan de Friese Exportclub

Trefwurden: 
Brexit bedriuwslibben eksport
(Advertinsje)
(Advertinsje)