Atlantyske roeisters binne der dei foar de start hielendal klear foar

11 des 2020 - 17:55

De fjouwer Atlantyske roeisters, bekend ûnder de namme Atlantic Dutchesses, binne der hielendal klear foar. Sneon sette se om 12.06 oere Nederlânske tiid ôf foar de Atlantyske roeirace fan La Gomera nei Antigua. Trije fan de fjouwer komme út Fryslân.

De Atlantyske roeisters in dei foar de start

Iris Noordzij út Raerd, Melissa Vooren út Goaiïngaryp en âld-Penjumer Renate de Backere. Marieke le Duc-Bouwense út Seelân is de iennige net-Fries yn it team. De froulju binne al twa wike op La Gomera, ien fan de Kanaryske eilannen, om harren ta te rieden op swierste roeirace fan de wrâld. De boat is goedkard, der is noch traind op de oseaan en de taktyk is besprutsen. No is it wachtsjen op de start.

De froulju roeie foar it goede doel, jild ynsammelje foar ûndersyk nei hert- en faatsykten by froulju. It sportive doel is as earste Nederlânske frouljusteam oan te kommen en miskien sels in wrâldrekôr.

Bubbel

Se binne bliid dat se al in wike op it eilân binne. It is in soarte fan bubbel fertelle se, alles op it eilân strielet de roeirace út. It is benammen in soad wachtsjen en se krije in protte ynformaasje oer de race. Ek mei oare teams beprate se ferskate saken om sa goed as mooglik oan de start te ferskinen. Mar no is it wachtsjen wol klear. Se wolle graach fuort foar de grutte oerstek.

De taktyk is hielendal klear, mar dy wolle se net fertelle om't it in wedstriid is en se dy geheim hâlde wolle.

Fryske flagge

De Fryske flagge is ek oan board, mar dy mei net mei. De flagge soene se as seil brûke kinne en dat soe se strafpunten opleverje kinne. De flagge wurdt mei it fleantúch nei Antigua brocht.

De oerstek duorret minstens 40 dagen, der wurdt kontinu trochroeid. Dat is ferskuorrende swier mar de froulju binne der fan oertsjûge dat se it oankinne. De mentale tastân is poerbêst.

De start is sneontemiddei te folgjen fia Facebook.

It folsleine ynterview mei Iris Noordzij

(Advertinsje)
(Advertinsje)