Ferpakken fan tsiis FrieslandCampina fan België nei Wolvegea

11 des 2020 - 17:21

FrieslandCampina bringt tsiisferpakkingslinen út België oer nei Wolvegea. Nei it skrassen fan mear as 200 banen yn Dronryp, Gerkeskleaster en ek yn Wolvegea, dêr't de finansjele administraasje fuort giet, dochs in bytsje goed nijs foar Fryslân, sa liket it. Mar hoe goed is noch wol de fraach.

FrieslandCampina yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens wurdfierder Jan-Willem ter Avest slút FrieslandCampina yn it ramt fan in besunigingsoperaasje in ferpakkingsfabryk yn it Belgyske Genk. Dat kostet 211 minsken harren baan. De wurksumens wurde oerbrocht nei Leerdam en Wolvegea. Yn Leerdam komme der gjin banen by, seit Ter Avest, mar yn Wolvegea sil dat wol it gefal wêze. Om hoefolle banen it giet wol hy lykwols net sizze.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer

(Advertinsje)
(Advertinsje)