HEA! De Boskmanlju rêde dermei

Alle tiisdeitemoarnen binne de 'boskmanlju' te finen yn it Sickenga-boskje efter de tsjerke Op de Hoogte yn Wolvegea. De al wat âldere hearen ûnderhâlde de tsjerkebosk frijwillich. De tsjerkemienskip krige de bosk út de neilittenskip fan Aleida Sickenga, en brûkt it no foar aktiviteiten of edukative doelen. De boskmanlju snoeie, feie it blêd oan en romje tûken op mei in soad nocht en wille, want it praten en mei-inoar kofjedrinken is ek hiel gesellich.
HEA! De Boskmanlju