Linde College jout wer online les: "Oars kinne wy net mear folweardich ûnderwiis jaan"

11 des 2020 - 16:49

Troch it relatyf grutte oantal coronabesmettings by it Linde College yn Wolvegea, sil de skoalle foar in part wer oergean op it jaan fan online lessen. De skoalle hat te krijen mei in rap oprinnend tal learlingen dat thússit troch in positive test of út foarsoarch.

Foto: Google Street View

"We hawwe ôfrûne wiken fernaam dat it tal posityf teste learlingen bot tanaam is", seit direkteur fan it Linde College Jan Osinga. "We wiene wend oan in pear per wike, dat rûn no op ta wol fjouwer of fiif op in dei."

Trochdat ek oare learlingen út foarsoarch thúsbliuwe moasten, wie goed ûnderwiis jaan net mear mooglik, seit Osinga. "Sa kinne wy net mear folweardich ûnderwiis jaan foar klassen trije oant en mei seis. Dêr komt by dat dosinten harren ek net altyd mear feilich fiele mei safolle besmettings op skoalle." Dit jier rekken ek tsien learkrêften fan de skoalle al besmet mei it firus.

Online les

De learlingen fan de learjierren trije oant en mei seis krije yn de wike foar de krystfakânsje en de wike dêrnei allegear online les. De bern yn de boppebou ha yn de twadde wike nei de krystfakânsje in toetswike. Osinga wol foarkomme dat toetsen trochskood wurde moatte omdat tefolle learlingen thús sitte. De bern út de learjierren 1 en 2 gean yn dy tiid wol nei skoalle omdat it tal besmettingen ûnder dy groep leger is. De jongere learlingen krije ek minder les yn wikseljende klassen. Dêrneist fynt de skoalle dat it foar âlders dreger is om mei jongere bern thús te sitten.

Direkteur Jan Osinga fan it Linde College

(Advertinsje)
(Advertinsje)