Eardere FvD Fryslân-fraksje docht ôfstân fan namme 'OS Fryslân'

11 des 2020 - 16:22

De Fryske Steatenfraksje dy't by it Forum voor Democratie hearde en him op 8 desimber fan de partij ôfsplitste, giet net langer troch ûnder de namme Onafhankelijke Statenfractie Fryslân (OS Fryslân). De partij sil op syk nei in oare namme, om't dizze namme foar te folle betizing soargje soe mei de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF). Se sizze sa gau as mooglik mei in nij foarstel te kommen.

Foto: Omrop Fryslân

Offisjeel mei in partij pas by de folgjende ferkiezing mei in nije namme komme, ek al kinne se harren wol mei in nije namme profilearje. Se sille dus offisjeel oansprutsen wurde mei Groep Goudzwaard, nei Maarten Goudzwaard, de fraksjefoarsitter.

Yn de Provinsjale Steaten fan Utrecht is ek in groep âld-FVD'ers dy't de namme OSF brûkt. Ek dêr is de Unôfhinklike Steatefraksje net wiis mei. Se wolle dêr ek wurk fan meitsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)