Noed oer WMO-soarch Ljouwert: "Nieuwe aanbieders kunnen niet bieden wat cliënten nodig hebben"

De kliïnteried fan MindUp, ûnderdiel fan GGZ Fryslân, wol dat de gemeente Ljouwert it beslút om de soarch oan te besteegjen opnij oerwaget. Neffens de ried gean de grutte feroarings ten koste fan it wolwêzen fan harren kliïnten.
WMO-soarch © Shutterstock.com (Lighthunter)
Gemeente Ljouwert hat finansjele swierrichheden by it sosjaal domein en hat dêrom ûnder oaren keazen de útfiering fan de Wmo oars yn te rjochtsjen. Dit wurdt fan 2021 ôf fersoarge troch twa gearwurkingsferbannen. De earste is Stichting Amaryllis en Incluzio BV. En de oare WINDKRACHT058. Dat is in nij gearwurkingsferbân fan Aardema Zorg Groep, Innzorg en JijCentraal, plus 16 oare bedriuwen dy't ynhierd wurde.
De kliïnteried fan MindUp is net bliid mei dy ûntwikkeling. "Wij roepen u dringend op om het besluit van aanbesteding WMO MindUp te heroverwegen in verband met de fysieke en psychische gezondheid en het algemeen welbevinden van onze cliënten", sa skriuwe se yn in brief oan de gemeenteried fan Ljouwert.

Gjin antwurden

Foaral dat de kliïnten neat hearre oer hoe't sy yn de takomst soarch krije sille, liedt ta soargen. "Duidelijk wordt uit het verhaal van meerdere cliënten dat de toekomstige zorgverlener geen antwoorden kan/wil geven op de voor onze cliënten belangrijke vraagstukken." Sawol fan de soarchorganisaasje as de gemeente krije de kliïnten gjin antwurden op harren fragen, sa skriuwe se.
"Wij zien dat de toekomstige zorgaanbieder nog niet zover is om te kunnen bieden wat onze cliënten nodig hebben. Wij willen voorkomen dat cliënten hier nog meer last van ondervinden." Dêrom wol de kliïnteried dat de deibesteging by MindUp bliuwt oant de nije soarchferliener "haar zaken dusdanig op orde heeft en er een warme overdracht kan plaatsvinden."