Boek oer skilderjende boer Marten Groenhof: "Yn syn hert mear skilder as boer"

11 des 2020 - 16:01

Syn skilderijen litte faak lânskippen út de súdwesthoeke fan Fryslân sjen. En wannear't der gjin pleats of hynder oanwêzich yn byld is, dan sjochst in skûtsje dat sierlik troch it wetter glidet. Marten Groenhof (1925-1978), boer en skilder út It Heidenskip, wie in bysûndere man, dy't himsels it tekenjen oanleard hie. Oer syn libben en wurk binne freed twa boekjes útbrocht.

Boek presintearre oer it libben fan skilderjende boer Marten Groenhof

It âlde atelier fan Marten Groenhof is noch altyd te sjen yn de pleats dêr't de skilderjende boer wenne hat. It is in útbou fan 2 by 3 meter en is sûnt it ferstjerren fan Groenhof yn 1978 net mear feroare. Syn biograaf, Jan Pieter Dijkstra, krige it idee om in boek oer Groenhof te meitsjen. "Hy wie hjir yn It Heidenskip wol ferneamd. Ik tink sels dat hy yn syn hert mear skilder as boer wie. Syn frou wie mear fan it wurk op 'e buorkerij. It bysûndere wie dat hy nea tekenles hân hat, mar dat sjochst yn syn wurk net werom."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar seach yn it âlde atelier fan Marten Groenhof

Neffens Dijkstra binne der twa tema's dy't in soad weromkomme yn it wurk fan Groenhof. "It wie echt in man fan de súdwesthoeke. Hy skildere faak wetter, wyn, wolken, pleatsen en hynders. Miskien wat oan de tradisjonele kant, mar bysûnder fakkundich útfierd. Syn lânskippen binne net altyd geografysk oan te tsjutten, want der sit elk wolris in fantasy-lânskip tusken. Mar it binne dan wol echt besteande ûnderdielen, bygelyks de toer fan Parregea en in mûne dy't wat mear út in oare hoeke fan Fryslân komt op itselde skilderij."

Oprop om wurk fan Groenhof

Tegearre mei skriuwer Dijkstra die útjouwer Hille Faber foar it boek in oprop. Oft minsken noch skilderijen hiene, dy't se ek sjen litte woene. "We hiene in freedtemiddei en in sneontemoarn yn de planning wêrop minsken de skilderijen sjen litte koene. Mar Heidenskipster minsken binne fan 'e tiid, dus freedtemiddei wie it smoardrok en sneon wie it hiel rêstich. We krigen hast 175 skilderijen boppe tafel."

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

It wie eins de bedoeling om ien boek út te bringen. Mar der kaam ek in boekje boppe wetter mei ferskate sketsen. "It giet yn de sketsen om in eilân yn de Fluessen dat brûkt waard troch Groenhof om gers te meanen. Fan dat wurk hat hy ferskate tekeningen makke, en by elke tekening stiet yn lyts gedichtsje fan syn hân. Dat sketsboekje is sa bysûnder, dat we doe besletten hawwe om it los út te bringen."

522 skilderijen

It sketsboekje wie net de iennichste opfallende fynst, seit skriuwer Jan Pieter Dijkstra. "We hiene it boek hast klear, mar doe fûnen wy yn syn atelier noch in lyts boekje. Dat siet ferstoppe ûnder âlde tuben mei ferve. It die bliken dat it in kasboek wie, wêryn't fan 1959 oant 1978 byholden wie wat hy makke hie. It gie om mar leafst 522 skilderijen, dus der moat genôch ynspiraasje wêze foar in ferfolch op dit earste boek."

Skriuwer Jan Pieter Dijkstra en útjouwer Hille Faber oer de boeken oer Marten Groenhof

(Advertinsje)
(Advertinsje)